Nije brânwachtkazerne foar Surhústerfean

15 jun 2017 - 13:26

De brânwacht fan Surhústerfean krijt in nije kazerne. Dy komt oan de eastkant fan it doarp. De krekte lokaasje is noch net bekend, der wurdt noch sjoen nei ferskate mooglikheden. It is de bedoeling om takom jier te begjinnen mei de bou.

De brânwacht fan Surhústerfean sit no noch oan de Badleane, tichteby it sintrum. Der wurde noch nije brânwachtminsken socht.

(advertinsje)
(advertinsje)