Hearrenfean wol ynwenners yn beweging krije, en hâlde

15 jun 2017 - 15:00
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De gemeente Hearrenfean wol noch mear ynwenners oan it bewegen krije en hâlde. Om dat foar elkoar te krijen, komme der nije sporteveneminten foar jong en âld. Fierder komme der bûtendoar op ferskate plakken yn de gemeente fitness-tastellen te stean. Dy binne ek geskikt foar minsken mei in beheining. Ien en oar stiet yn de sportnotysje 'In Heerenveen #Beweegt het'. Dêryn binne mei elkoar seis speerpunten en 26 ambysjes opnaam. Dy binne opsteld nei meardere petearen mei ûnder oare sportferienings en doarpsbelangen.

De gemeente wol de kosten foar sportakkommodaasjes nei ûnderen bringe, sadat ferienings de kosten foar in lidmaatskip wer leech hâlde kinne. Buertsportcoaches krije in wichtigere rol. Sy sille jongeren noch mear belûke by it sporten. Neffens de gemeente kinne mei dizze maatregels safolle mooglik minsken oan sport dwaan. De gemeenteried praat op 17 july oer de sportnotysje.

Trefwurden: 
bewegen sport Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)