Ynstânsjes ûngerêst oer dakleaze asylsikers yn Ljouwert

In grut tal ynstânsjes yn Ljouwert liedt de needklok oer in groep fan sa'n fyftich asylsikers sûnder ferbliuwsfergunning. Under oare Zienn, Fier Fryslân en ferslavingssoarch Noard-Nederlân meitsje harren soargen oer de situaasje fan dizze minsken. Mooglik giet it om in noch gruttere groep, om't net alle asylsikers yn byld binne. De groep wurdt net opfongen troch de gemeente Ljouwert, wylst dy de taak wol hat. Dat seit Noodopvang Fryslân, dy't it wurd docht út namme fan de ferskate organisaasjes.
De asylsikers yn Ljouwert hawwe gjin ûnderdak, soene yn eangst libje en mooglik foar problemen soargje kinne as se noch langer sûnder help sitte. De ynstânsjes hawwe in brief stjoerd nei de gemeenteried om de problemen op de politike aginda te setten. As foarbyld hoe't it wol moat, wurdt de gemeente Grins neamd. Dy fangt de asylsikers sûnder ferbliuwsfergunning wol op en dêrtroch binne der ek minder problemen yn de stêd.