Soargen oer komst Van der Valk-hotel op It Hearrenfean

© ANP
Bewenners en ûndernimmers hawwe harren betinkingen oer de komst fan in Van der Valk-hotel op It Hearrenfean. Dat hat de gemeente Hearrenfean fêststeld nei ferskate petearen mei ynwenners en in gearkomste oer it ûnderwerp. Hoareka-ûndernimmers binne benaud dat de komst fan it grutte hotel harren merkposysje oantaast en ek skealik is foar it sintrum fan It Hearrenfean. Ek omwenners meitsje har soargen, sy tinke dat de rêst en de tagonklikheid fan de wiken yn gefaar komt.
De gemeenteried sil nei alle gedachten op 17 july gearkomme oer de mooglike komst fan in Van der Valk-hotel op It Hearrenfean. It hotel soe by de ôfslach Oranjewâld njonken de A32 komme moatte.