Ekstra jild fan provinsje foar kultuerfûns monuminten

© ANP
De provinsje stekt 2,5 miljoen euro ekstra yn it Kultuerfûns foar Monuminten yn Fryslân. Hjirmei kinne eigeners fan in gemeentlik monumint of karakteristyk gebou yn de provinsje tsjin in lege rinte no ek in liening krije foar it duorsum meitsjen fan har pân. Ek kinne se it jild brûke om it monumint in nije bestimming te jaan.
Restauraasje bliuwt ek mooglik. It maksimum bedrach dat liend wurde kin, giet omheech nei 200.000 euro. De provinsje wol mei dizze maatregels de eigeners noch mear stypje om gemeentlike monuminten of karakteristike wenningen te behâlden.