Feanwâldster skoalle fiert sertifikaat freedsume skoalle

Underwiiscoach Jan Oosterhuis hat foar de 50e kear it sertifikaat Freedsume Skoalle útrikt. Oosterhuis mocht it sertifikaat útrikke oan de dr. Theun de Vriesskoalle yn Feanwâlden. De útrikking fan it sertifikaat waard feestlik fierd op it skoalplein. Alle groepen songen in ferske en guon groepen hiene ek in dûnske betocht. Op in freedsume skoalle wurde spesjale lessen jûn om it skellen en narjen tsjin te gean. Ek leare de bern hoe't se rûzjes sels oplosse kinne. De basisskoalle is al twa jier dwaande mei de spesjale lessen.
Ut ûndersyk docht bliken dat de sfear op skoallen dy't meidogge oan it programma foar de freedsume skoallen in soad ferbetteret. Bern binne rêstiger en gean better mei-elkoar en mei de juffen en masters om, sa wurdt der sein. Der binne yntusken sa'n 750 freedsume skoallen yn Nederlân.