Tal útkearings nimt ôf, wer mear minsken oan it wurk

It tal Friezen mei in wurkleazensútkearing is yn de ôfrûne moanne fierder ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Ein maaie hienen noch goed 16.589 minsken yn ús provinsje in útkearing. Dat binne goed tûzen Friezen minder as de moanne dêrfoar. Yn alle 24 Fryske gemeenten is de wurkleazens de ôfrûne moanne ôfnaam.
Sektoaren
Der binne wol grutte ferskillen tusken de ferskate sektoaren. Sa bliuwt it tal banen yn de finansjele tsjinstferliening ôfnimme. Benammen yn de bou komme minsken hieltyd flugger wer oan wurk.