Kollum: ''Make Omrop Fryslân great again''

15 jun 2017 - 08:30

''Jacob, ik kom aanst even mei in kollektebus lâns. Miskien kinst de kollega's oan it buro alfêst even warskôgje. Ik haw nammentlik in geniaal plan, al sis ik it sels, en we wurde der allegearre better fan. Ik sil it útlizze.

Dat hiele Omrop Fryslân, dat is leuk en aardich, mar it is fansels fierstente lyts. In telefyzjekanaal en in radiostjoerder en in webside, kom op, it is 2017. Temakanalen! YouTube-kanalen! In hiele rige oan podcastproduksjes én fansels dramaseries, eigen produksje fansels. Op de radio in stjoerder foar sport, ien foar nijs, ien foar kultuer, ien foar muzyk en ien foar reserve. Net fan dat benaude, de Omrop moat groeie!

No hear ik dy tinken: mar, wêr betelje we dat fan? Ut dat ponkje fan dy? Nee, Jacob, ik ha wat folle betters betocht. Dat jild sette we sa yn dat we it hûndert, nee, hûnderttûzen kear werom krije! Gjin piramide, gjin belizzingen, gjin risiko. Sukses garandearre.

It sit sa. Tiisdei kaam it buro Trend Micro mei harren ûndersyksrapport ‘The Fake News Machine: How Propagandists Abuse the Internet and Manipulate the Public’, of yn goed Frysk, hoe´t se de saak besoademiterje kinst troch op ynternet te ouwehoeren.

Sjoch, ‘fake news’ liket nij, mar dat is it net. It hjitte eartiids propaganda, en dat bestiet al iuwen. Mar no’t we it ynternet ha, giet it gewoan wat makliker. En alles is te keap! De ûndersikers ha útsocht wat nedich is om bygelyks in celebrity te meitsjen, om in protest op strjitte op te setten en om in sjoernalist yn diskredyt te bringen.

Foar in lytse 45.000 euro kinst fjouwer wiken lang nepnijs mei 50.000 retweets en likes keapje en 100.000 besiten fan in fideo, en kinst in twitteraccount fergiftigje mei 200.000 robotfolgers, 12.000 nepreaksjes en dêr 10.000 likes foar. Dêrmei kinst in sjoernalist, of in politikus, it online leven aardich soer meitsje.

Mei in budzjet fan sa’n 360.000 euro - en no wurdt it echt ynteressant - kinst in komplete kampanje mei nepnijs keapje, wêrmei ast kiesgedrach by grutte ferkiezingen, sa as yn de VS, sterk beynfloedzje kinst.

Ien nepnijsberjocht kostet mar 2.400 euro. Dêr binne gewoan Sinese, Russyske en Ingelsktalige nepnijsttsjinsten foar. En dizze tsjinsten binne in hiel goedkeap alternatyf foar tradisjonele advertinsjes en promoasjes. Fia sosjale netwurken ferspriede se foar in prikje dubieuze ynformaasje, sa skriuwt de Volkskrant.

En hjir is myn plan. We kinne dat bedrach fan 360.000 euro kear 0,002 dwaan foar Fryslân. Want Fryslân hat 0,002 kear safolle ynwenners as de VS. Dus we ha mar 726,71 euro nedich om dikke fette ynfloed te keapjen op de provinsjale ferkiezingen. 726 euro, dat is dochs gjin jild! Kinst de hiele hannel nei dyn hân sette. En dy ferkiezingen binne oer twa jier al.

Dus foar die luzige 700-en-nog-wat euro, soarchje wy dat de partij dy’t it measte jild nei de Omrop skowe wol, de absolute mearderheid hat yn ‘e staten. En dan klotst it jild aanst wer bij de plinten op.

Nepnijs. Demokratysk sjoen is it in totale ramp, mar hey - if you can’t beat them, join them. Dat we dêr net earder oan tocht hawwe. Make Omrop Fryslân great again.''

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)
(advertinsje)