Mear as miljoen euro foar werynrjochting stedhûs Boalsert

15 jun 2017 - 06:16

Fjouwer stichtingen stelle mei elkoar 1,25 miljoen euro beskikber foar de werynrjochting fan it âlde stedhûs fan Boalsert. It giet om it Sint Anthony Gasthuis, Stichting Het Weeshuis, de Hendrick Nannes en Catrijn Epes Stichting en de Stichting Fonds Bolsward Dronrijp. Boargemaster Hayo Apotheker en wethâlder Mirjam Bakker hawwe de sjek woansdei yn ûntfangst naam.

It stedhûs yn Boalsert bestiet dit jier 400 jier en wurdt ferboud. It gemeenteloket bliuwt yn it stedhûs, ek de biblioteek krijt in plakje yn it monumintale gebou. Dêrneist komme der trije musea yn. Dat binne it Titus Brandsmamuseum, it Gyspert Japicxhûs en de Oudheidkamer. Sûnt Boalsert opgie yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt it stedhûs net mear brûkt.

(advertinsje)
(advertinsje)