Fytser skept op rotonde yn Ljouwert en ôffierd nei sikehûs

14 jun 2017 - 22:56
By it ûngelok rekke de fytser ferwûne - Foto: Anton Kappers

In fytser is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding op de Noorderwei yn Ljouwert. De fytser waard skept by it oerstekken fan de rotonde, dêr't er foarrang hie. Troch de klap bedarre de fytser sa'n tsien meter fierderop op de wei.

Nei alle gedachten hat de autobestjoerder de fytser oer de holle sjoen. Dizze is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht mei noch ûnbekende ferwûningen.

Trefwurden: 
ûngelok Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)