"Meitsje Fryslân Europeeske proeftún foar duorsume lânbou"

14 jun 2017 - 22:13

Fryslân moat in Europeeske proeftún wurde foar in duorsumere lânbou. Mei dat plan kaam woansdeitejûn de PvdA yn de Fryske Steaten. Neffens de PvdA soene de Fryske boeren tastimming krije moatte om bepaalde Europeeske regels net te folgjen. Sa soe der romte ûntstean om nije duorsume eksperiminten ut te fieren.

It foarstel koe rekkenje op in soad stipe yn de Steaten, mar it is de fraach oft it helber is. Dêrfoar sil oerlein wurde moatte mei de Europeeske Unie.

Net fier genôch

Woansdeitejûn bespruts de Steatekommisje it lânboubelied fan de provinsje. Dêryn wie foaral in soad omtinken foar in duorsumere lânbou. Partijen lykas GrienLinks en de Partij voor de Dieren fine de provinsjale plannen noch lang net fier genôch gean en wolle dat de provinsje mear ynsette sil op ûnder oare biologyske lânbou en krûderyk gers.

De VVD en de PVV pleitsje krekt foar minder regels foar de boeren. Oer twa wike wurdt der yn de steaten fierder praat oer de takomst fan de Fryske lânbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)