Nard Brandsma wint fierljeppen yn Drylts

14 jun 2017 - 21:53

By it fierljeppen yn Drylts wie Nard Brandsma woansdeitejûn oppermachtich mei twa dikke 20 meter sprongen. Hy wûn de ljepperij by de topklasse mei in sprong fan 20.78 meter. De titel gie by de froulju nei Klaske Nauta, sy sprong yn de finale 13.73 meter.

Opfallend wie dat de famkes folle fierder sprongen as de froulju, want Bente Vlas wûn it by de famkes mei in sprong fan 14.65 meter. Datselde die him ek foar by de jonges en de junioaren. Jarich Wijnstra sprong mei 18.25 meter in nij persoanlik rekôr en ek in stik fierder as de winnende junior Rutger Piersma, dy't 18.03 meter sprong.

Hearen topklasse

1. Nard Brandsma 20.78 meter
2. Age Hulder 19.18 meter
3. Sytse Bokma 18.46 meter

Froulju

1. Klaske Nauta 13.73 meter
2. Melanie Heins 13.67 meter
3. Antsje Draijer 13.16 meter

Famkes

1. Bente Vlas 14.65 meter
2. Sigrid Bokma 14.40 meter
3. Fardau van Akker 13.32 meter

Junioaren

1. Rutger Piersma 18.03 meter
2. Feike Stellingwerf 17.43 meter
3. Hessel Haanstra 17.36 meter

Jonges

1. Jarich Wijnstra 18.25 meter
2. Wietse Nauta 17.42 meter
3. Abe-Luuk Stedehouder 16.41 meter

(advertinsje)
(advertinsje)