Fryske jongeren binne dwaande mei duorsumens

Fryske jongeren binne wol deeglik dwaande mei duorsumens. Dat is ien fan de konklúzjes fan it Jongerenpanel Duurzaam Fryslân. Under de titel 'Where do we go from here?' fregen se in grut oantal jongeren hoe't sy tinke dat ús provinsje der yn it jier 2025 útsjen sil.
It gie bygelyks oer iten, fakânsje, ferfier, klean, ôffal en oankeapen. Jongeren tinke wol nei oer de konsekwinsjes fan harren aksjes en binne bygelyks ree om minder fier op fakânsje te gean, omdat dat better is foar it miljeu.