Steuring brêge Ofslútdyk feroarsake troch te min kuolling

14 jun 2017 - 21:06
De Lorentzslûzen by Koarnwertersân - Foto: Rykswettersteat

De oarsaak fan de steuring fan woansdei yn de brêge yn de Ofslútdyk waard feroarsake trochdat de brêge te min kuolle waard. Dêrtroch woe dy net mear ticht. It duorre trije kertier foardat it euvel ferholpen wie en in lange file wie it gefolch.

Rykswettersteat hat besletten dat de brêge yn alle gefallen tongersdeitemoarn tusken sân en njoggen oere ticht bliuwt foar it skipferkear. En mooglik komt der wer 24 oeren deis in monteur dy't by steurings fuortendaliks oan de slach kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)