Akkoart oer nije cao foar personiel Holland Casino

14 jun 2017 - 20:54

Der is in akkoart berikt oer in nije cao foar it personiel fan Holland Casino. Woansdei hawwe de fakbûnen en it bedriuw in cao foar fiif jier sletten. Dêryn binne ôfspraken oer lean, oanpassing fan de senioareregeling en de wurkgelegenheid fan de kasino's.

Beide partijen leine al in pear moanne mei elkoar yn de klinsj. Op alle lokaasjes waard langer of koarter staakt om de easken te ûnderstreekjen. It personiel woe benammen mear wissichheid oer de gefolgen fan de kommende privatisearring.

Trefwurden: 
Holland Casino CAO Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)