Petear mei earmen yn gemeente De Fryske Marren

14 jun 2017 - 20:35

Trije fraksjes yn de gemeente De Fryske Marren, ChristenUnie, VVD en NCPN, wolle fan de minsken dy't falle ûnder earmoedebelied sels hearre wat se dêr fan fine. Bekend is dat dy groep faak it gefoel hat dat der allinnich mar oer harren en net mei harren praten wurdt. De trije fraksjes hawwe harren dêrom útnûge om dêroer oer te praten. Se wolle de ynformaasje dy't se krije ynbringe yn it nij te foarmjen belied.

(advertinsje)
(advertinsje)