FrieslandCampina driget melkfeehâlders mei sanksjes

14 jun 2017 - 20:18
Foto: Jitske van der Gaast

Boeren moatte foar 15 juny de folsleine KringloopWijzer-gegevens digitaal oanlevere hawwe by FrieslandCampina. Dogge se dat net, dan wurdt de molke net mear ophelle. De molkweinen komme net earder wer as neidat de nedige gegevens ynlevere binne.

FrieslandCampina wol net sizze om hoefolle boeren it giet, omdat de boeren noch drok oan it ynstjoeren binne. Wa't de gegevens op de 15e ynstjoert, krijt 14 dagen lang in boete fan 25 persint oer it molkjild, mar de molke wurdt dan noch wol ophelle. Wa't noch letter is, bliuwt mei de molke sitten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)