Provinsje: Biofergister Burgum past net yn bestimmingsplan

De provinsje fynt dat de biofergister dy't Engie by Burgum bouwe wol net yn it bestimmingsplan past. Dat is woansdeitejûn bekend makke by de harksit fan de gemeente Tytsjerksteradiel oer de plannen foar de fergister. Ien en oar betsjut dat de gemeente no sels ferantwurdlik is foar it beslút oer de komst fan de biofergister. As dat beslút negatyf is, komt der gjin fergister. Der wurdt pas nei de simmer in beslút naam.
Engie
By de ekstra riedsgearkomste yn Burgum spruts ek de direkteur fan it enerzjybedriuw Engie, Rutger Jan Pessers. Neffens him is der foldwaande oanfier fan dong yn Fryslân om de biofergister rendabel te krijen. Der moatte alle dagen sa'n 20 oant 25 frachtweinen dong nei de fergister bringe.
Saakkundigen
Dêrnjonken krige de ried útlis fan saakkundigen op it mêd fan duorsumheid, akseptaasje fan de mienskip en lûd/geur/miljeu. Ek fertsjinwurdigers fan de aksje-groep 'vergister nee', en ferskate omwenners kamen oan it wurd.
Gemeente beslist
No't de provinsje de biofergister net sitten sjocht, leit it beslút no folslein yn hannen fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Troch in saneamde 'verklaring van geen bedenkingen' kyn dy as noch in posityf advys jaan oan de provinsje foar de biofergister. Komt de fergunningoanfraach foar de fergister net troch de gemeenteried, dan binne de plannen fan Engie definityf fan de baan. Der folget tongersdei noch in opiniearjende diskusje yn de ried.
Der is al in skoft in soad wjerstân by omwenners oer de komst fan in biofergister nei Burgum.