Melkfeehâlders ha min jier draaid yn 2016

14 jun 2017 - 16:42

Melkfeehâlders hawwe yn 2016 in min jier draaid, it wie sels it ien nei minste suveljier ea. Se krigen yn 2016 gemiddeld goed 28 euro foar hûndert kilo molke. Dat meldt de LTO op basis fan ûndersyk troch ZuivelNL. Allinnich yn 2009 lei de gemiddelde molkpriis noch leger. In soad bedriuwen binne troch de lege prizen yn de problemen kommen. Oan de ein fan it jier waard it better foar de melkfeehâlders en yn de earste helte fan dit jier gie it ek in stik better. De LTO kin net sizze oft dy ferbettering trochsette sil.

Priisferskillen

Yn Europa wiene grutte priisferskillen. Melkfeehâlders dy't leveren oan it Italiaanske Granarolo krigen de heechste priis foar de molke: 36,83 de hûndert kilo. Boeren dy't leveren oan it Ierske Glanbia moasten it mei 22,90 euro dwaan. FrieslandCampina stie op it fjirde plak mei in priis fan 30,80 euro.

Minimumpriis

Neffens miljeudefinsje kin dit sa net langer trochgean. "Deze prijzen liggen dik onder de door Brussel vastgestelde kostprijs'', seit kampanjelieder Bart van Opzeeland. Hy pleitet dan ek foar in minimumpriis foar molke. Allinnich as boeren fatsoenlik betelle krije foar de molke, kinne sy ek duorsumer wurkje.

Trefwurden: 
melkfeehâlder molke priis LTO
(advertinsje)
(advertinsje)