FIDEO: It iepenloftspul fan Wytmarsum set útein

Hjoed fynt yn Wytmarsum de premjêre fan it iepenloftspul 'Nonne gekte' plak. It spul wurdt, tapaslik genôch, opfierd yn de kleastertún fan it eardere paters Augustijnenkleaster oan de Arumerwei yn Wytmarsum.
Yn Nonne Gekte stiet in nachtclubsjongeres, dy’t tsjûge west hat fan in moard, sintraal. Sy dûkt as non ûnder yn in kleaster, tusken de ‘echte’ nonnen. De iennige persoan dy’t op ‘e hichte is fan har ‘wiere’ identiteit is Moeder Overste. Sa ûntstean der alderhande situaasjes dy’t soargje foar spanning, humor en, net te ferjitten, sensaasje. Klik hjir foar mear ynformaasje en de spyldata fan it iepenloftspul fan Wytmarsum, Nonne gekte.
Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.