FIDEO: It iepenloftspul fan Spannum set útein

15 jun 2017 - 06:34

Hjoed fynt yn Spannum de premjêre fan it iepenloftspul 'It Kistke fan Sybrant Roorda' plak. It stik giet, sa as de namme al ferriedt, oer Sybrand Roorda. Yn 2014 kaam by de restauraasje fan de tsjerke syn grêfstien tefoarskyn. Wa wie dizze man? En wat hat hy betsjutten foar syn húshâlding, syn doarp, syn lân?

Yn de Spannumer foarstelling komt alles ta libben. De moeting fan Sybrant Roorda mei Maarten Luther, de striid mei Grutte Pier, mar ek mear persoanlike mominten út syn libben. It stik nimt de minsken mei troch lytse en grutte skiednisferhalen en lit harren de midsiuwen rûke, priuwe en belibjen. Dit unike barren wurdt brocht mei humor, in bytsje earnst en in knypeach nei de hjoeddeiske tiid. En wat soe der no yn it kistke fan Sybrant Roorda sitte? Klik hjir foar mear ynformaasje en de spyldata fan it iepenloftspul fan Spannum, It Kistke fan Sybrant Roorda.

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

(advertinsje)
(advertinsje)