Wokpaleis Ryptsjerk ferset him tsjin boete

14 jun 2017 - 16:31
Wokpaleis Friesland by Ryptsjerk - Foto: Google Streetview

It Wokpaleis oan de N355 by Ryptsjerk ferset him tsjin in boete fan 8.000 euro fan de arbeidsynspeksje. In ynspekteur en in plysjeman hawwe konstatearre dat in Sineeske frou sûnder wurkfergunning dwaande wie om neigesetsjes klear te meitsjen foar klanten yn it Wokpaleis.

Woansdei waard de saak behannele by de Ried fan Steat yn Den Haag. De frou seit dat sy hielendal net oan it wurk wie, mar dat se allinnich mar fan de neigesetsjes oan it slinen wie. De advokaat fan it Wokpaleis kaam woansdei mei noch in oare ferklearring. De frou wurke mei har man yn de snackbar neist it Wokpaleis, en soe op it stuit fan de oertrêding foar dy snackbar wurke hawwe.

De Ried fan Stiet komt oer in pear wiken mei in útspraak.

Trefwurden: 
Wokpaleis boete Ryptsjerk
(advertinsje)
(advertinsje)