Nij fiskplan: mear fisk yn it wetter, minder otters yn fûken

14 jun 2017 - 16:04

De measte beropsfiskers op it binnenwetter nimme maatregels om foar te kommen dat der otters yn harren fûken fersûpe. Dat is ien fan de ôfspraken yn in nij fiskplan dat opsteld is troch beropsfiskers en sportfiskers. Dy wurkje al jierren gear yn in saneamde Visstand Beheer Commissie oftewol VBC. Der wurdt noch ûndersocht hoe't je de otters it bêste út de fûken hâlde kinne.

Soks kin bygelyks mei in saneamd stopgrid, mar dêrtroch ha de beropsfiskers ek gjin byfangst fan snoekbears mear. En dy ynkomsten kinne sy eins net misse. VBC foarsitter Eelke Boersma fynt dat bygelyks de provinsje hjirfoar mei mear jild komme moat. Hy wol ek in ûndersyk nei de gefolgen fan it op grutte skaal ynlitten fan Iselmarwetter op de Fryske boezem. Yn dat wetter soe minder fretten sitte. En dat soe de weromrinnende fiskstân foar in part ferklearje kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)