Coke-ferslaafde ponghâlder docht in graai yn personielskas

14 jun 2017 - 16:02
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In 28-jierrige man fan De Gordyk hat in wurkstraf fan 150 oeren krigen foar it graaien út de personielskas fan in bedriuw yn De Like. Yn totaal fertsjustere de ponghâlder fan de personielsferiening 11.000 euro. Dit bedrach moat er it bedriuw werombetelje.

It jild brûkte de man foaral om syn cocaïne-ferslaving te bekostigjen. Hy hat spyt betsjûge en hat syn coke-ferslaving op eigen krêft oerwûn.

Trefwurden: 
wurkstraf fertsjustering
(advertinsje)
(advertinsje)