Ekskurzje nei biofergister yn Bemmel ropt mear fragen op

14 jun 2017 - 15:15

De ekskurzje nei de biofergister fan Bemmel hat by de delegaasje út Tytsjerksteradiel foarearst mear fragen oproppen as dat se beantwurde binne. Enerzjybedriuw Engie wol by de Burgumermar ek in biofergister bouwe, dat wurdt dan de grutste fan Fryslân. As tarieding op de ynformearjende riedsgearkomste fan woansdeitejûn is in delegaasje nei Bemmel yn Gelderlân om te sjen en te rûken.

Neffens Rebekka Siebenga fan it aksjekomitee Noardermar is se nei de besite allinnich mar ûngerêster wurden. Yn de fergister fan Bemmel hie ferline wike in ynsidint west en dêrom draaide dy no mar op 25 prosint, dat joech dus gjin reëel byld fan de werklike stank dy't der wêze kin.

It grutte ferskil mei de situaasje yn Burgum is dat yn Bemmel it fergistingsmateriaal foar it grutste part út de regio komt. Dat betsjut dat der foar de Fryske ynstallaasje folle mear ferkearsbewegings nedich binne om it materiaal oan te fieren. It útstjitmateriaal moat ek ôffierd wurde en dat soarget nochris foar ekstra ferkear.

(advertinsje)
(advertinsje)