WoonFriesland knapt hierhûzen yn Burgum en Suwâld op

14 jun 2017 - 15:02

Yn Burgum en Suwâld is begûn mei it opknappen en enerzjysunich meitsjen fan goed 70 hierhûzen. Wêr't dat nedich is, wurde húskes, badkeamers en keukens fernijd. Ek wurdt de sintrale ferwaarming fernijd en de fentilaasje by de tiid brocht. De huzen steane oan de Ds. Oosterhuisstrjitte yn Suwâld. Yn Burgum giet it om fiif adressen oan de Markt en 61 huzen oan de Bulthuissingel. Hierders binne yn maaie al ynformearre en koene doe ek de nije kleuren foar har húske, badkeamer of keuken kieze.

De hiele operaasje past yn in grutte fernijingsslach fan WoonFriesland. De kommende fiif jier wurde 9.000 hûzen oanpakt. Dat freget in ynvestearring fan 160 miljoen euro. Uteinlik moat alle 15.000 huzen in enerzjylabel B hawwe, of heger. 

(advertinsje)
(advertinsje)