Kin de flagge út of net? Yn spanning foar eksamenútslach

14 jun 2017 - 15:57

Kin de flagge, mei de skoaltas deroan, út of net? It is in spannende dei foar learlingen en har âlden fansels, want Fryske eksamenkandidaten krije woansdei te hearren oft se slagge binne.

Senuwen

Christine de Vries út Broeksterwâld hat de havo dien op it Dockingakolleezje yn Dokkum. As se sakke is of in hereksamen dwaan moat, wurdt se tusken 13.00 en 16.00 oere belle. "Ik ha bêst in soad senuwen. Ik doar amper nei de telefoan te sjen, hy leit yn in hoekje." Se is der net wis fan oft se it helle hat. "It kin alle kanten opgean, foaral wiskunde wie net sa maklik. Ik hoopje dat it goedkomt, ik stie in 5." Foarich jier hat skoalle noch ien presys om 16.00 oere belle, Christine hopet dat dat by har net bart. "Myn achternamme begjint mei in V, dus it kin bêst dat ik ien fan de lêsten bin dy't belle wurdt." De learlingen ha tiisdeitejûn in gala op skoalle hân, dus dat feestje ha se al fierd.

Wat is in goed kado?

Hiske Smid fan in Boalserter blommesaak en Henny van Dijk fan in snobbersguodwinkel yn Ljouwert witte wol ried: blommen fansels! "We hebben alles klaar staan, boeketjes, pioenrozen en zonnebloemen" fertelt Hiske. Het is nu nog een beetje stilte voor de storm, maar na vier uur zal het wel komen. Ook hebben mensen vantevoren al bloemen gehaald, ook al was het niet zeker of de kandidaat slaagt of niet. En anders is het een troostbloemetje." Henny makket ek boeketsjes, mar dan fan snobbersguod. "It komt no wat los fernim ik. Mar de hiele wike ha we al minsken yn de winkel hân dy't al wat yn hûs helje woenen. En mocht de persoan dan sakje, dan ite se it guod sels wol op. Ek sûkelade docht it altyd goed. It is in leuke tiid, we meitsje der altyd in feestje fan."

Syljacht

De slagge learlingen fan de Maritieme Academie yn Harns moasten wat langer wachtsje op har telefoantsje. Wylst dosint Tom van den Berg en direkteur Arjen Mintjes oan it beljen wienen, gie de 'pieper' fan de Kustwacht om mei oare kollega's fan de KNRM in sinkend Frânsk syljacht te rêden. De siler koe feilich werom en de learlingen krigen de útslach.

Huilen van blijdschap

Op Piter Jelles Impulse yn Kollum ha hast alle learlingen it eineksamen helle. De skoalle is net sa grut en dêrom wie de útslach al gau bekend. "Alle leerlingen van vmbo-t en vwo zijn geslaagd, en dat voor de vierde keer op rij. Op de havo heeft één leerling nog een herexamen" fertelt direkteur Bea Kroeze. "We zijn heel trots en blij. Trots op de leerlingen en trots op het team, we hebben het met z'n allen gedaan. De coaches hebben de leerlingen allemaal gebeld. Dat is fantastisch om te doen. Ze hebben veel lol, leerlingen zijn dolenthousiast en schreeuwen, gillen en huilen soms van blijdschap als ze het goede nieuws horen." Om 13.00 oere wienen de eksamenkandidaten op skoalle. "We hebben Jip en Janneke-champagne gedronken en taart gegeten. En die ene havoleerling werd ondersteund door de groep."

En hat Christine har eksamen helle?

Ja, se is slagge! "Ik bin hiel bliid. Op Twitter fan skoalle stie in berjocht dat elk dy't net belle wie, it eksamen helle hie, en ik wie noch net belle. Ik sil om fiif oere nei skoalle om de siferlist op te heljen en elk te sjen, dat wurdt hiel gesellich."  

Cum Laude

Alle 35 eineksamenkandidaten fan de Burgemeester Walda Scholengemeenschap op Nes op It Amelân binne slagge. Fiif fan har krige sels de oantekening ‘Cum Laude’. 

Trefwurden: 
eksamenútslach ûnderwiis
(advertinsje)
(advertinsje)