Loes Geurts klear foar EK: "Je bent er elke dag mee bezig"

14 jun 2017 - 14:53

It moat dé simmer wurde fan de Nederlânske fuotbalfroulju. Se spylje fan 16 july ôf yn eigen lân it Europeesk kampioenskip. De ploech telt trije Fryske spylsters: Loes Geurts fan Hichtum, Sherida Spitse fan Snits en Sisca Folkertsma fan Sleat. Boppedat is Foppe de Haan assistint-bûnscoach. Benammen foar Geurts wurde de kommende wiken behoarlik spannend. Se moat mei Sari van Veenendaal útfjochtsje wa't de earste keeper wurdt. "Het is moeilijk in te schatten, maar ik doe er alles aan. Het kan zijn dat ik op de bank zit. Ik moet de situatie accepteren", fertelt Geurts.

Blessuere

De ôfrûne jierren wie Geurts de algemiende erkende nûmer ien op goal, mar troch in blessuere en in nije klup is dat feroare. Nei it wrâldkampioenskip yn de simmer fan 2015 hat se moannen út 'e rûlaasje west troch in harsenskodding. Dêrnei ferlear se har basisplak by har Sweedske klup en ek by har nije klup Paris Saint-Germain kaam se op de bank telâne. "Het is met de blessure begonnen en daarna ben ik niet meer op het niveau geweest van voor de blessure." In harsenskodding kin somtiden lange gefolgen hawwe, foar Geurts falt dat ta. "Ik heb nergens meer last van, alleen heb ik soms wat sneller hoofdpijn."

EK-koarts

De Nederlânske frouljusploech spile tiisdei foarearst de lêste oefenynterlân. Tsjin Eastenryk waard, mei Geurts ûnder de latte, mei 3-0 wûn. Begjin july spylje se noch ien oefenwedstriid tsjin Wales. Dêrnei moatte se der klear foar wêze. Geurts kin net wachtsje. "Van EK-koorts is nog niet echt sprake, maar je bent er wel elke dag mee bezig. Ik heb ontzettend veel zin in de zomer en kijk uit naar het EK."

Stap voor stap

Yn de groepsfaze spilet Nederlân tsjin Noarwegen, Denemarken en België. "Het is een heel moeilijke poule. We hebben eerder van Noorwegen gewonnen, Denemarken heeft de laatste tijd ook goede dingen laten zien en tegen België is altijd een vechtwedstrijd. We moeten het stap voor stap bekijken. Het moet zo'n mooi toernooi worden", seit de keepster. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)