Trije Fryske fuotbalfroulju by EK-seleksje

14 jun 2017 - 13:21

Trije Fryske fuotbalsters sitte by de EK-seleksje fan de Nederlânske fuotbalfroulju. De bûnscoach hat in plakje ynromme foar Loes Geurts fan Hichtum, Sherida Spitse fan Snits en Sisca Folkertsma fan Sleat. It EK wurdt in bysûnder toernoai, om't it yn eigen lân halden wurdt. Geurts moat stride om in plakje ûnder de latte te krijen en earste keepster te wurden. Spitse liket op it middenfjild wol wis fan in basisplak. Dat jildt net foar Folkertsma, se sil it benammen fan ynfalbeurten hawwe moatte.

It toernoai begjint 16 july en alle groepswedstriden fan de Nederlânske fuotbalfroulju binne al útferkocht. Se spylje yn Utrecht, Rotterdam en Tilburg. Tsjinstanners binne Noarwegen, België en Denemarken.

(advertinsje)
(advertinsje)