Ferdwaalde kat rêden fan de Harnzer ôffaloven

14 jun 2017 - 12:32

Alde banken, elektryske apparatuer en grienteôffal; by de ôffaloven fan Omrin yn Harns komt in hiel ferskaat oan ôffal foarby. Frachtweinen mei ôffalkonteners ride de hiele dei oan ien stik troch om guod nei de REC te bringen. De meiwurkers fan de ôffaloven sjogge dus net sa gau op fan wat der allegear oan ôffal foarby komt. Oant ferline wike. De meiwurkers fan de ôffaloven stienen efkes raar te sjen, doe't der ynienen in swarte kat troch de ôffalbunker strúnde. It bist wie nei alle gedachten earne yn Fryslân yn in ôffalkontener bedarre en dêrnei ferfierd nei Harns.

Yn de ôffalbunker

''We hadden al eerder die dag een glimp van hem opgevangen'', seit Inge Zoethout fan Harns. Sy wurket by de ôffaloven fan Omrin. ''Maar daarna was het beestje weer verdwenen. Tot de nachtploeg hem donderdagnacht ineens uitgeput en verdwaald door de afvalbunker zag lopen.''

Dat koe de nachtploech fan Omrin net foarby gean litte. Ien fan de meiwurkers gie de grutte ôffalbunker fan de REC yn en begûn de syktocht nei de boarre. ''Uiteindelijk zagen we hem in een hoekje zitten'', fertelt de meiwurker. ''We hebben hem met een ladder te pakken kunnen krijgen. De kater was helemaal vermoeid en stribbelde ook niet tegen toen we hem pakten. Hij was allang blij dat we hem uit die grote bunker hadden gered.''

Rêding

Gelokkich mar, want de ôffalbunker is gjin plak foar katten, warskôget Zoethout. ''De inhoud van de afvalcontainers wordt in de afvalbunker gestort. Daarna gaat het groffe afval door een versnipperaar. Het kleine afval gaat vervolgens de verbrandingsoven in. Je moet er niet aan denken wat er met de kater was gebeurd als we hem niet op tijd hadden gezien. We hebben al eens eerder vogels in de bunker gehad en ook weleens een kat op het terrein, maar nog nooit een kat die in de afvalbunker terecht is gekomen.''

De oare moarn naam de meiwurkster brokjes foar de boarre mei. Dêrnei waard er mei in folle mage troch de bisteambulânse foar kontrôle nei de bistedokter yn Hjerbeam brocht. ''Hij was erg vermoeid en had een paar teken op zijn kopje'', seit Inge Zoethout. ''Verder was hij gelukkig in orde. Hij was totaal niet wild en bleef zelfs bij de dierenarts rustig en kopjes geven.''

Opfang yn Ljouwert

Op it stuit sit de swarte kat yn de opfang fan De Wissel yn Ljouwert. Wa't de baaskes fan de kater binne, is net dúdlik. It bist hat gjin chip. Dêrom pleatste Inge ôfrûne wykein in berjocht op Facebook. De oprop fan de syktocht nei de baas fan de boarre waard mear as tûzen kear dield. De eigener kin him noch goed in wike melde by De Wissel. Dêrnei wurdt der foar de swarte kat in oar baaske socht.

Syktocht nei eigener

''Ik hoop dat de eigenaar zich nog meldt'', seit Inge Zoethout. ''Maar we weten natuurlijk niet waar de kater vandaan komt. Als het niet lukt het baasje te vinden, komt hij hopelijk op een ander goed plekje terecht. Het beestje heeft heel wat meegemaakt en verdient het om in een fijn huis terecht te komen.''

Trefwurden: 
kat REC Harns ôffaloven boarre
(advertinsje)
(advertinsje)