Manlju fan 'kokaïne-kotter' foar rjochter

14 jun 2017 - 11:58

De fiif manlju dy't sneon yn de haven fan Harns oanhâlden binne nei't op harren fiskkotter 300 kilo kokaïne fûn wie, wurde woansdei yn Amsterdam foarlaat. Dat skriuwt Omrop Flevolân. It giet om trije Urkers, in Poal en in man út Montenegro. Fjouwer fan harren wiene oan board fan it skip, de fyfde man is de eigener. Justysje wol dat de manlju noch op syn minst twa wiken fêst sitten bliuwe fanwege it ûndersyk nei it smokkeljen fan drugs.

De kotter is freedtejûn fan Harns út de Noardsee op gien en hat dêr de drugs oppikt fan in kontenerskip. Neffens justysje wiene de tassen mei drugs noch wiet doe't se fûn waarden. It fiskersskip is yn beslach naam en leit yn de marinehaven yn Den Helder.

(advertinsje)
(advertinsje)