Omrop TIP: Yn it spoar fan Wellington R1397

16 jun 2017 - 06:29

Yn de nacht fan 24 op 25 july 1941 crasht de Wellington R1397 yn in greidlân by it buorskip Klaeiterp. It is de earste alliearde bommewerper dy’t delsketten wurdt boppe it Fryske fêstelân. Fan it fleantúch is hast neat mear oer. Identifikaasje fan de ynsitters blykt dan ek ûnmooglik. De fleaners krige in anonym grêf yn Ljouwert.

Stichting Missing Airmen Memorial Foundation

Frijwilligers fan de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation besykje jierrenlang de wiere tadracht fan de crash te efterheljen. Benammen de Britske autoriteiten lizze dêrby dwers. Mar úteinlik sille de bemanningsleden fan de Wellington 75 jier nei de crash in grêfstien krije mei harren namme derop.

It spoar fan Wellington R1397

Dokumintêremakkers Timo Brinkman en Janjelle Ringnalda hawwe foar Fryslân DOK it bysûndere ferhaal fan de identifikaasje fan Wellington R1397 en har bemanning yn byld brocht.

De Fryslân DOK dokumintêre ‘Yn it spoar fan Wellington R1397’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 16.20 oere en snein om 13.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)