Pieter Breuker hat Sulveren Anjer krigen: "Unferjitlike dei"

14 jun 2017 - 11:07

Pieter Breuker fan Feanwâlden hat woansdeitemoarn de Sulveren Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns útrikt krigen út hannen fan prinsesse Beatrix. De útrikking wie yn it Keninklik Paleis yn Amsterdam. "It wie in ûnferjitlike dei. Yn it foar hie ik my der in foarstelling fan makke, en ik krige in berch ynformaasje oer de gong fan saken. Ik hie my foarnommen der in stylfol en feestlik barren fan te meitsjen, en dat is ek foar hûndert prosint slagge. Mar it wie dochs oars as ik tocht hie, en wat my in soad plezier die wie de lofrede dy't útsprutsen waard. It Prins Bernhard Kultuerfûns hie him bûtengewoan ferdjippe yn wa't ik bin en wat ik dien ha. It wie ynhâldlik hiel goed, grutte klasse."

Erkenning

Breuker neamt it in dûbele erkenning foar syn wurk. "Ik ha no de Sulveren Anjer krigen, mar tagelyk bin ik like wiis mei de erkenning foar de minsken dy't dwaande binne mei ketasen en sporthistoarje yn it algemien. Dat is in lytse groep fan minsken en der wurdt wolris op delsjoen, mar sport nimt in grut plak yn de maatskippij yn en dat is de muoite wurdich om te bestudearjen. It is dus ek in erkenning foar it fakgebiet."

Breuker krige de ûnderskieding foar syn ûndersyk nei de sportskiednis yn relaasje ta keunst, taal en kultuer. Hy is boppedat saakkundige op it mêd fan it keatsen en dielt syn kennis troch publikaasjes en it jaan fan lêzingen. Mei tank oan Breuker is de sporthistoarje as wittenskiplike dissipline neffens it kultuerfûns op de kaart set.

(Advertinsje)
(Advertinsje)