Evert van Leunen wurdt wethâlder op Skylge

14 jun 2017 - 11:02

Evert van Leunen wurdt de nije PvdA-wethâlder op Skylge. Hy folget Teun de Jong op, dy't riedsgriffier by de gemeente Dantumadiel wurdt. De 55-jierrige Van Leunen is hikke en tein op Skylge. Hy hat earder riedslid west en wurket no foar de gemeente as amtner Fysieke Leefomgeving. Neffens de fraksje komt Van Leunen út in echt read nêst. Hy sil op de riedsgearkomste op 4 july ynstallearre wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)