FIDEO: Karakteristyk stedhûs pronket al 400 jier yn Boalsert

Fjouwerhûndert jier, sa lang al pronket it karakteristike stedhûs yn it sintrum fan Boalsert. It gebou is ûntwurpen troch Jacob Gysbert, de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx. Yn dy perioade fan goed fjouwerhûndert jier is it stedhûs ferskate kearen renovearre. Dizze woansdei binne alle ynwenners fan de stêd en de omkriten útnûge om it jubileum te fieren. Der wurdt in film fertoand, der binne optredens en woansdeitejûn wurde de festiviteiten ôfsletten mei in resepsje.
Jan van der Klis wurke goed fjirtich jier as boukundich meiwurker by de gemeente Boalsert. ''Alles klopt met dit stadhuis'', sa fertelt er. ''Het is heel mooi en verzorgd gemaakt. Het is een rijk stadhuis. Qua uitstraling kan het niet mooier.''