Kollum: ''Skylge oer al''

14 jun 2017 - 08:30

''As jim dit hearre bin ik al in pear dagen op Skylge. Dus dit is in bantsje. Ja, sa neamden wy dat eartiids. It sit no earne yn kompjûters, en ik wit net iens hoe’t je dat neame moatte. Technikus Aise drukt op in knopke en hup, jim hearre my. De opmerking betsjut foar it oare net dat it net iepen stean soe foar saken dy’t troch de tiid feroarje. Dat ha’k ôfleard. Ik tocht bygelyks eartiids dat Oerol neat foar my wêze soe. Mar ik kom der no al jierren en sit dêr no dus ek. Fiif minuten fytse en je bin allinnich, en as je nei de drokte wolle wit je wêr’t dy is. Wy sitte yn in ûnderkommen tsien minuten bûten West-Terschelling. Alle dagen fyts of rin ik, soms wol fjouwer, fiif kear deis, dus by Baai Dellewal lâns.

De Boschplaat op Skylge is natuer- en natuerlik skitterjend. De Waaddyk bin ik fereale op, de briedende strânljippen kinne my al. De dunen, de Noardseekust, spektakulêr. Mar de Baai, de Baai… hat wat spesjaals. Je wane je oan de kust fan Curaçao. Miskien ek wol oan oare kusten yn‘e wrâld, mar dy kin ik net. As je op Baai Dellewal  wat yn de hichte sitten gean, dream je fuort en sjogge hoe’t Michiel de Ruyter yn de lijte fan it eilân de grutte 17de-iuwske skippen ree meitsje liet foar de oarloch tsjin bygelyks Ingelân, want ek doe hienen we al Brexit.

Je sjogge de fiskers yn harren yndertiid te lytse skipkes fuortsetten foar miskien wol de lêste reis, doe sieten se mear oer har sels yn as oer de byfangst. Under leit de jachthaven, njonken je hotel Skylge, in pear huzen, en oan de oare kant de jeugdherberch mei wat rekreaasjehûskes. En op it swier begroeide dún der tusken yn sit ik.

Der is al in jierrenlange striid oer wat der mei Dellewal barre moat. Ein maaie wie der in ynfogearkomste mei noch trije suggestjes. Harry Westers fan Flylân wol syn hotel Skylge útwreidzje. Syn plan is no wat kompakter as it wie, mar rekkenje mar dat syn hotel byldbepalend wêze sil.

De gemeente sels set yn op wenten en apparteminten en hat in buro dêrfoar wat betinke litten. It plan is net oerdwealsk, lit ik it sa mar sizze, mar Dellewal krijt dan in wenbestemming. En wêr’t ik no sit, kin ik miskien wol net mear sitte, dan moat ik op it túnbankje op it hiem fan de finansjeel wolstelde húseigener.

En dan is der fansels noch de groep Natuurherstel Baai Dellewal, dy’t de echte natoerwearden wer werom ha wol op dat plak. Dat komt dan del op gjin huzen, gjin hotel, dancing Dellewal net wer opbouwe, mar dat plak frij litte foar natuer. Op de ynformaasjejûn wiene de measte lju dêr wol foar, mar dat is ek logysk want sokke jûnen lûke no ienris mear minsken dy’t fine dat der neat barre moat. It gemeentebestjoer moat der no rille gau in beslút oer nimme.  

Dan wit je hast wol dat it dy wenten wurde. It tuskenynse plan sis mar. Ik sit hjir op dat dún súntsjes te flokken, want ik wol myn byld wol hâlde. Mar dan komt der in man njonken my sitten. Dy leit my út dat it gemeentebestjoer miskien wol wat feroaret. Hy praat oer it Griene strân, oan de oare kant fan West. Jierren ha se dêroer oan it âldehoeren west. It strân drige fernield te wurden troch de bou fan grouwélige loadsen, heger as de tsjerke. En it gemeentebestjoer hat no sein dat soks net moat en dat dêr mar húskes en apparteminten komme moatte. It tinken oer grouwélige bousels giet mei it ferstannige praat oer it yn stân hâlden fan de Noardseekust aardich fuort. 

Seit dy man. En dan lit hy my sitte. Op dat dún. En ik tink ynienen as dan dy húskes wol by it Griene strân komme, dêr wer’t se logysk stean, dan hoege der miskien gjin huzen en apparteminten mear op Dellewal te kommen. En dan hoech ik net ôfrekkene te wurden dat ik nea wat feroarje wol. Ik pas my oan by de nije tiid en it nije tinken.''

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)