Boudosinten en bouwers wikselje kennis út

13 jun 2017 - 23:07

Boudosinten en bouwers byelkoar bringe om fan elkoar te learen en elkoar te helpen. Dat wie de bedoeling fan in gearkomste tiisdeitejûn op it ROC Friese Poort yn Snits. Fakminsken fan it bouwbedriuw Friso Bouw leinen dêr oan de leararen út wat se krekt dogge. De leararen út it VMBO en it MBO koenen op basis dêrfan kiezen op hokker terrein fan de bouw se ynkoarten twa dagen meirinne wolle. De ynset is om ûnderwiis en de fraach nei wurkkrachten yn de praktyk sa better opelkoar oanslute te litten.

It inisjatyf foar de gearkomste komt fan de wurkjouwersorganisaasje Bouwend Nederland. Dy is ûnder it motto Bouwen aan de Bouw al sa'n tsien jier dwaande mei de ferbettering fan it fakûnderwiis en de ynfulling fan it ferlet oan fakkrachten yn de bou. Foaral de lêste tiid nimt de belangstelling hjir foar wer ta omdat de bousektor flink yn de lift sit. 

As alles goed ferrint moat it kontakt tusken de leararen en de fakkracht (de learmeester) nei twa dagen net ophâlde. As it plan slagget moatte de skoallen en it boubedriuw oer in langere perioade gearwurkje om it effekt dêrfan grutter te meitsjen en yn stân te hâlden. 

Trefwurden: 
bou skoalle ROC Friese Poort
(advertinsje)
(advertinsje)