Fryske skriuwers foardroegen foar earelist berneboeken

13 jun 2017 - 22:55

Tjalling Bos, Martsje de Jong en Mirjam van Houten binne foardroegen foar in plak op de IBBY Honourlist, in oersjoch fan berne- en jeudboeken fan hege kwaliteit. Tjalling Bos is foardroegen foar syn oersetting fan it boek 'Naar de top' fan Dan Gemeinhart. Foar it earst draacht IBBY ek in Fryske oersetting foar en dat is de oersetting fan Martsje de Jong fan it boek 'Grote Vriendelijke Reus' fan Roald Dahl. Omdat Nederlân twatalich is mei der ek in Frysk boek foardroegen wurde en dat is dit jier it boek 'Tije' fan Mirjam van Houten.

De boeken wurde presintearre op it ynternasjonale IBBY-kongres yn Athene. Der binne 75 lannen oansletten by IBBY.

(advertinsje)
(advertinsje)