Oranje-fuotbalsters winne mei 3-0 fan Eastenryk

13 jun 2017 - 22:49
Vivianne Miedema - Foto: ANP

De fuotbalfroulju fan Oranje hawwe yn Deventer de froulju fan Eastenryk mei 3-0 ferslein. It wie de op ien nei lêste oefenwedstriid foar it Europeesk kampioenskip, dat op 17 july begjint. Dat toernoai wurdt yn ús lân spile. Nederlân sit yn de pûl mei België, Noarwegen en Denemarken. Nederlân kaam tsjin Eastenryk yn de earste minút al op foarsprong troch in eigen goal. In minút letter skoarde Vivianne Miedema de 2-0, it wie har 50e wedstriid foar Oranje. En yn de 22e minút wie it wer raak mei in goal fan Lieke Martens. Yn de twadde helte waard net mear skoard, ek net troch de ploech út Eastenryk. Dit mei dank oan keepster Loes Geurts, dy't in pear knappe rêdingen hie.

Op 8 july spilet Oranje de lêste oefenwedstriid tsjin Wales.

(Advertinsje)
(Advertinsje)