Pypskom apart ynleverje by ôffalferwurker Omrin

13 jun 2017 - 20:49
Miljeustrjitte - Foto: Omrop Fryslân, Annagreet Miedema

By Omrin kin tenei ek pypskom apart ynlevere wurde. Dat wurdt dan brûkt foar it meitsjen fan nij ferpakkingsmateriaal. It pypskom moat skjin, drûch en wyt fan kleur wêze. It pypskom kin tenei apart oanbean wurde yn Bûtenpost, Damwâld, Frjentsjer, De Gordyk, Grou, It Hearrenfean, Ljouwert, Easterwâlde en Stiens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)