Fryske bern massaal nei bûten op Bûtenboartersdei

14 jun 2017 - 08:00

It is woansdei Nasjonale Bûtenboartersdei (Straatspeeldag). Dit betsjut dat ek yn Fryslân bern massaal nei bûten ta gean om te boartsjen. It is in inisjatyf fan Jantje Beton, om mear bern nei bûten te krijen en mei-elkoar boartsje te litten. Dat soe goed foar de sûnens en de ûntwikkeling wêze, seit de stichting.

Ut in enkête fan Omrop Fryslân en oare regionale omroppen, docht bliken dat guon heiten en memmen harren bern net sûnder tafersjoch bûten boartsje litte út feilichheidsoerwagings. Yn de enkête waard âlden mei bern yn de basisskoalle leeftyd frege oft sy harren bern sûnder tafersjoch bûten boartsje litte en wêrom (net). Ek waard frege hokker aktiviteiten de bern dan ûndernimme.

Yn totaal ha goed 700 Friezen de enkête ynfolle. Opfallend genôch reagearren hast 100 minsken dy't gjin bern hiene yn de bedoelde leeftyd. Fan de oerbleaune dik 600 dielnimmers oan de enkête joegen de measte minsken oan harren bern bûten boartsje te litten. 16 persint joech oan dat de bern net bûten boartsje. Dit is te fergelykjen mei de resultaten út de oare provinsjes dy't meidiene oan it ûndersyk.

Gefaarlike situaasjes by hûs

De top 5 meast neamde redenen foar heiten en memmen om de bern net út it each te ferliezen by it bûten boartsjen:

1. Gefaarlike ferkearssituaasjes by it hûs
2. Bern binne te jong om bûten te wêzen
3. De eigen tún is grut genôch om yn te boartsjen
4. Folwoeksenen mei ferkearde bedoelingen
5. Wetterrike buert en it bern kin noch net swimme

Bûten boartsje is sûn

De top 5 meast neamde redenen om bern sûnder tafersjoch bûten boartsje te litten:

1. Bûten boartsje is sûner as binnen sitte (77%)
2. Bern leare boartsjen mei frjemde bern (31%)
3. Oars sitte se te lang efter de kompjûter (17%)
4. Oars sjogge se te folle telefyzje (15%)
5. Om sels efkes rêst te hawwen (7%)

Der wiene meardere antwurden mooglik, wêrtroch't it persintaazje heger is as 100%

Fuotbal populêr

Ut de enkête docht fierder bliken dat fuotbal populêr is ûnder bern dy't bûten boartsje. De sport waard mei ôfstân it faakst neamd troch âlden dy't de enkête ynfolle hawwe. De top 5:

1. Fuotbal (238 kear neamd)
2. Fytse (136)
3. Ferstopperke (127)
4. Yn de boarterstún boartsje (122)
5. Hutten bouwe (93)

Gemeentlike ferskillen

Ut de enkête komme lytse ferskillen tusken guon Fryske gemeenten nei foaren. Opfallend is dat yn de mear stedske gemeenten Ljouwert, Harns en Frjentsjerteradiel it tal minsken dat net wol dat har bern sûnder tafersjoch bûten boartet, krekt ûnder it provinsjale gemiddelde leit.

Plattelânsgemeenten as Kollumerlân, Dongeradiel en Tytsjerksteradiel sitte boppe it gemiddelde; dêr jouwe dus mear minsken oan dat se harren bern net sûnder tafersjoch bûten boartsje litte. As reden dêrfoar wurdt yn dizze gemeenten sein dat de eigen tún sa grut is dat bern net fan it hiem hoege om te boartsjen of dat se sa bot bûtenút wenje, dat der gjin ferdivedaasje foar de bern yn de omjouwing is en dat de bern dêrom thús boartsje.

Hurdegaryp

Marijke Krijgsman fan Hurdegaryp fertrout it net as har bern foar op strjitte boartsje. Se hat foar har bern, Mara fan 6 en Melissa fan 4, sels mar in boarterstún makke. Op de bûtenboartersdei, fierderop yn Hurdegaryp, komme in lytse 100 bern út it doarp by-mekoar om te boartsjen. It doel fan dizze dei is om de bern, nettsjinsteande alle ferliedings binnen, nei bûten te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)