Twa winkeldieven oanhâlden nei alarmearring yn app-groep
De plysje fan Drachten hat tiisdeitemiddei twa fertochten oanhâlden. Se soene yn meardere winkels guod stellen hawwe. De plysje koe it duo oppakke mei help fan de app-groep fan de ûndernimmers yn it sintrum. Dy hiene elkoar op de hichte brocht fan de stellerij.