Arno Brok: Provinsjaal bestjoer bliuwt belangryk yn Fryslân

Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân
De provinsje as bestjoerslaach sil seker yn Fryslân fan grut belang bliuwe. Dat sei kommissaris fan de Kening Arno Brok tiisdeitejûn yn It Polytburo. Ek al groeie troch weryndielings de gemeenten yn omfang en betsjutting, de provinsje hat belangrike taken as it bygelyks giet om miljeu en kultuer.
Brok is no goed hûndert dagen kommissaris yn Fryslân. Sân jier lyn waard er boargemaster fan Dordrecht, nei in bestjoerlike karriêre yn Ljouwert en Snits. De leafde foar Fryslân sit djip by Brok, dy't hjir op syn tweintichste as studint kaam te wenjen. "Ik soe 4 jier bliuwe en dat binne der 21 wurden. Ik bin yn Fryslân folwoeksen wurden en kaam yn 'e kunde mei leave minsken. Dy kombinaasje fan stúdzje, it wenjen, de minsken, it lânskip, letter ek de taal, dat hat it foar my persoanlik ta in sukses makke."