Geert Faber hâldt op as direkteur fan keatsbûn KNKB

13 jun 2017 - 18:32

KNKB-direkteur Geert Faber hâldt der oan de ein fan it jier mei op. Hy hat dat sels witte litten yn de nijsbrief fan it keatsbûn. Der wiene al langer geroften dat hy mei pensjoen gean soe. Faber befêstiget no dat hy it bûnsbestjoer ynformearre hat. Nei 47 jier wurkjen fynt hy it tiid om op te hâlden. Faber is direkteur sûnt augustus 2013.

De KNKB stelt meikoarten in fakatuere iepen en wol yn augustus in opfolger foar Faber beneame, sadat der noch in pear moannen tiid is om ynwurke te wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)