Herman Sprik komt dit seizoen net werom op it keatsfjild

13 jun 2017 - 18:13

Keatser Herman Sprik komt dit seizoen net mear yn aksje. Foar it seizoen tocht er dat er de twadde helte wol wer meidwaan soe, mar dat wurdt him net. De blessuere oan it skouder wol mar net oergean. It foarige seizoen pleage him dat ek en hie er eins altyd lêst. Hy helle doe mei syn maten Tjisse Steenstra en Cornelis Terpstra noch wol de finale fan de PC, mar ferlear it fan it partoer fan Jan Dirk de Groot. Sprik wol allinnich meidwaan as hy hielendal fit is, hy fielt der net foar om as listfolling te tsjinjen.

Hy keatste ôfrûne sneon foar it earst wer, dat wie by de Zachte Bal PC 2017 en dat gie better as dat er tocht hie. Hy slút in weromkommen dan ek noch net hielendal út.

Trefwurden: 
Herman Sprik keatsen
(advertinsje)
(advertinsje)