Pot mei provinsjejild foar it restaurearjen fan pleatsen

13 jun 2017 - 18:02

Der leit dit jier goed twa miljoen euro provinsjejild klear foar de restauraasje fan Fryske monuminten of oare karakteristike bouwurken. Der is dit jier spesjaal omtinken foar pleatsen dêr't noch aktyf op buorke wurdt. Dy hawwe foarrang.

Der is ek jild foar plannen dy't yn eardere jierren útlotte binne en foar it ûnderhâld fan mûnen. In spesjale kategory binne de restauraasjes sûnder werbestimming. Yn dat gefal moat der sprake wêze fan urginsje. In ynspeksjerapport moat oantoane dat it gebou yn minne steat is. De subsydzjepot is net bestimd foar gebouwen dy't oarspronklik boud binne as wenning. Dêrfoar kin wol in liening oanfrege wurde by it Nasjoaal Restauraasjefûns.

(advertinsje)
(advertinsje)