Te min plysjes op plattelân: broeinêst foar kriminelen

13 jun 2017 - 17:27

It plattelân yn Nederlân driget in broeinêst te wurden fan de kriminaliteit. Dat melde de tolve kommissarissen fan de Kening nei oanlieding fan in útlekt evaluaasjerapport oer de foarming van de Nasjonale Plysje. Troch te min plysjeminsken op strjitte en lange oanrydtiden by insidinten, feroaret it plysjeleaze plattelân neffens de kommisarissen stadichoan yn in frijsteat foar kriminelen.

Lanlik soene der sa'n 5000 plysjeminsken by komme moatte, om te soargjen dat ek op it plattelân genôch ynset fan plysje mooglik is. As Fryslân dêr in pear hûndert fan krije kin, soe dat moai wêze, sa seit kommissaris fan de Kening Arno Brok yn reaksje op it evaluaasjerapport.

(Advertinsje)
(Advertinsje)