Kin Doutzen har mjitte mei Grutte Pier yn Wonder Woman?

13 jun 2017 - 17:19

Tongersdei draait de nije Amerikaanske superheldefilm Wonder Woman yn de bioskoop. Doutzen Kroes hat ek in lytse rol yn dizze blockbuster. Omrop Fryslân wie by de ekslusive parsefoarstelling yn Amsterdam.

Yn Wonder Woman spilet Doutzen in amazône, sa’n frou dy’t in echte strider is wêr'tst eins hielendal gjin spul mei ha wolst, want dan bist wol aardich it bokje. Mar hoe docht se it yn ‘e film en soe strider Grutte Pier grutsk op har wêze? 

Wêr giet de film eins oer? 

Yn de film folgje we Diana (Wonder Woman) dy ’t opgroeit op in eilân (Themyscira), dat ôfsluten is fan de wrâld. Hjir binne gjin manlju, mar allinnich mar froulju, de amazônes. By it eilân stoart in fleantúch del en Diana rêdt de persoan yn it fleantúch. Mar, dit is in man! Hy wurdt efternei sitten troch de Dútsers, wêrtroch't ek sy it eilân ûntdekke. Der folget in grut gefjocht op it strân tusken de amazônes en de Dútsers, wêrby't de froulju gehakt meitsje fan de mannen. 

Dêrnei komme se der efter dat der in oarloch geande is op 'e wrâld en it is Diana har lot om Ares (de god fan de oarloch) te ferslaan om frede op ierde te krijen. Mar.. Diana komt der efter dat de wrâld fan de mannen krekt wat oars is as de wrâld fan de amazônes…

Us amazône: Doutzen

Prachtich sa’n ferhaal, marrrr hoe docht Doutzen it? Doutzen spilet it karakter Venelia (de namme wurdt net yn ‘e film neamd) en is ûnderdiel fan de queens guard, de wat 'sterkere' amazônes. Dit soarget derfoar dat as de keninginne yn byld is, Doutzen dêrby is en dan kinst net om har hinne. Se stiet har mantsje as echte amazône swurd of bôge en soms pakt se ek de spotlight. 

Der is dan ek in sêne wer’t se krekt fochten hat mei in Dútser en allinnich mei de piloat oerbliuwt. De piloat focht mei tsjin de Dútsers, mar de amazônes witte net oft hy wol te fetrouwen is. Wat moatte se mei it mantsje dwaan? No, Venelia wit it wol: “We should kill him now, and be done with it”, seit Doutzen as in echte Fries. Gjin gedonder, huppakee, wy binne der klear mei #machtichmoai. 

Doutzen is allinnich mar yn de earste akte fan ‘e film te bewûnderjen, op it eilân Themyscira. Yn totaal pakt se  1 minút en 11 sekonden byld, wêryn't se dan ien sin seit én se is ek meardere kearen close-up yn byld. 

Al mei al pakt Doutzen har 'moment of fame' op de eftergrûn yn dizze film hiel kreast. Se past dan ek echt perfekt yn ‘e film as amazône. Grutte Pier soe grutsk wêze op dizze strider. 

Trailers: De Doutzen Counter

Wat ek nijsgjirrich is, is dat de filmtrailer dy ’t wy hjir yn Nederlân op telefyzje sjogge, krekt oars is as de trailer yn oare lannen.. Doutzen komt nammentlik yn 'ús' trailer faker foar as yn de ynternasjonale. It is moai om te sjen dat Doutzen ynset wurdt foar de Nederlânske promoasje fan de film. 

Is Wonder Woman in goede film en moat ik dy sjen? 

Ast de film graach sjen wolst omdat Doutzen der yn sit, tsja, dan moatst gewoan nei de bios gean en dan komst der ek nochris achter dat de film sels ek hiel goed is. Net omdat it dan tafallich in froulike superheld is, mar omdat alles gewoan klopt: It is een prachtige film om te sjen. De opbou fan it ferhaal is noflik. De klimaks is goed. Der sit humor yn, mar it is allegear wol serieus genôch. En it aktearwurk is goed. 

Dus.. kin Doutzen har mjitte mei Grutte Pier yn Wonder Woman? Dat docht se seker en dan ek noch ris yn in hiele goede film.

Troch Lars Hoekstra

(advertinsje)
(advertinsje)