PvdA en GrienLinks op 'e bres foar wynmûne Reduzum

13 jun 2017 - 16:22
De wynmûne fan Reduzum sa't dy der no stiet - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De doarpsmûne fan Reduzum moat bliuwe. Dat fine de PvdA yn provinsjale steaten en yn de gemeenteried fan Ljouwert en de steatefraksje fan GrienLinks. De wynmûne fan Reduzum is oan ferfanging ta, mar de provinsje wol gjin ûntheffing jaan foar in nije. De provinsje wol ta op grutte groepen wynmûnen byinoar en gjin ferspraat steande mûnen.

Beide PvdA-fraksjes fine dat der in útsondering makke wurde moat foar de mûne fan Reduzum. It is in foarbyld fan wat in doarpsmienskip mei elkoar opset hat en de opbringsten komme it doarp te'n goede. Dêr moat de provinsje mear nei sjen en net sa bot nei de regeltsjes, seit de PvdA.

Hieltyd mear Fryske doarpen kieze foar it opwekjen fan eigen griene enerzjy en meitsje gebrûk fan wynenerzjy. Neffens de steatefraksje fan GrienLinks moat de provinsje dit just stimulearje en net tsjinwurkje.

(advertinsje)
(advertinsje)