Boargemaster It Amelân wol oplossing foar fargeul en brêge

De nije autobrêge op It Amelân © Omrop Fryslân
Boargemaster De Hoop fan It Amelân hat skjin syn nocht fan de problemen dy't minsken ha om op it eilân te kommen en om der ôf te gean. Njonken de problemen mei de fargeul komt dêr no ek de maleur mei de autobrêge op de feardaam by Nes by. De brêge bliuwt hieltyd hingjen. Neffens de boargemaster is it sa slim dat de monteurs der "yntusken ûnder sliepe". "We akseptearje it net mear", seit De Hoop.
Hy fynt it de heechste tiid foar in strukturele oplossing foar beide problemen. Dat hat er it ministearje ek witte litten.